Club Red út Ljouwert útroppen ta meast populêre klup

19 maaie 2015 - 08:39
  • De dûnsflier fan Club Red oan it Ruterskertier

Club Red út Ljouwert is moandeitejûn yn Rotterdam útroppen ta meast populêre klup fan Nederlân. Yn de Rotterdamske klup Villa Thalia diene 350 hoarekasaken mei oan de jierlikse Nightlife Awards. De prizen binne bedoeld as wurdearring foar de ûndernimmers en harren personiel.

Om te winnen moatte klups oan strange easken foldwaan. Neffens de sjuery is Club Red goed fertsjintwurdige op de sosjale media en sykje se sa it kontakt mei harren publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)