Club Q twa wiken ticht

21 apr 2010 - 18:40

Club Q yn Noardburgum giet de kommende twa wiken net iepen út respekt foar de famylje en freonen fan Redmar Smedema en Gerard Dijkstra. Smedema ferstoar snein neidat er in klap krigen hie, doe't er op stap wie yn Club Q. Dijkstra gie út de tiid neidat er belutsen wie by in fjochtpartij op it parkearterrein. Hy leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs yn Grins.

De diskoteek giet op 8 maaie wer iepen, sa lit it bedriuw op de webside witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)