Club Q: mear tsjûgen socht

27 apr 2010 - 10:49
  • Club Q yn Quatrebras (foto: Omrop Fryslân)

It ûndersyksteam fan 'e plysje nei de twa gewelds-ynsidenten by Club Q siket mear tsjûgen. De plysje wol graach prate mei besikers dy't yn it bûtenlân sieten foar in ekskurzje of skoalreis. Der hawwe al tsientallen petearen mei besikers fan Club Q west. De plysje hat goed tachtich tips krige.

Yn 'e nacht fan 17 op 18 april wiene der twa fjochterijen yn en by Club Q. Dêrby kaam Redmar Smedema (16) út Burgum om it libben en rekke Gerard Dijkstra (20) fan Damwâld swierferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)