Club Q: ferwûne troch ûngelok

17 jun 2010 - 10:54

Justysje hat bepaald dat de ferwûnings dy't Gerard Dijkstra heal april oprûn by in fjochtpartij by Club Q yn Noardburgum it gefolch binne fan in ûngelok. Neffens justysje is Dijkstra fallen doe't er him bemuoide mei in fjochtpartij bûten de diskoteek.

Earder waarden twa jonges fan 17 en 20 oppakt omdat justysje har fertocht fan it mishanneljen fan Dijkstra. De twa binne yntusken wer frijlitten. It ûndersyk nei de dea fan Redmar Smedema rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)