Club Q-fertochte wer oppakt

03 jun 2010 - 17:39

De 19-jierrige ynwenner fan Damwâld, dy't ferline wike frijlitten is yn ferbân mei de grutte fjochtpartij yn Club Q is wer oanholden. Dat hat de Riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert bepaald yn it heger berop fan it Iepenbier Ministearje. Oan de gefolgen fan de fjochtpartij is Redmar Smedema út Burgum ferstoarn.

De fertochte moat yn earste ynstânsje sân dagen fêstsitte. In 17-jierrige jonge út Broeksterwâld bliuwt foarearst op frije fuotten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)