Club Fysio Therapie oernommen

07 maaie 2012 - 12:54

Reyntegraasjeburo Louwsma Beheer Groep út Bakkefean hat alle 69 festigings oer fan it fallite Club Fysio Therapie oernaam. Doel is om 30 festigings yn Noard- en Midden- Nederlân en de Rânestêd sels yn behear te hâlden. Foar de oare lokaasjes wurdt in oplossing socht.

Fan de 89 personielsleden komme 45 yn tsjinst fan 'e nije eigener. De Louwsma Beheer Groep sjocht yn fysioterapy in moaie kombinaasje mei it reyntegraasjewurk. It is noch net bekend ûnder hokker namme Club Fysio Therapie trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)