'Cliniclown' Kuritsa hâldt op

29 jun 2011 - 15:36
  • Foto: Omrop Fryslân

De clownsstichting Kuritsa yn Dokkum hâldt dermei op. Adriana Westra en har clowns soargen acht jier lang foar in bytsje fleur yn it libben van siken en âlderein. No't oprjochtster Westra ophâldt, nimme de oare clowns fan Kuritsa har wurk oer. Sy gean fierder ûnder de namme Clowns 4 Care.

Tsientallen fersoargingstehuzen krigen geregeld in besite fan de clowns fan Kuritsa. Westra reizge ek ferskate kearen nei bernetehuzen yn lannen lykas Ruslân en Kambodja.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)