Clinic John de Wolf yn Driezum

29 aug 2011 - 17:25
  • Foto: Omrop Fryslân

Op it twajierlikse Mega Meiden Voetbalspektakel yn Driezum krije de fammen training fan de froulju fan SC Hearrenfean. De jûns jout âld-fuotbalcrack John de Wolf in clinic.

It lytse doarp Driezum spilet frouljusfuotbal op heech nivo. Hûndert froulju en famkes spylje by de pleatslike klup VIOD. It earste team is twa kear promovearre. It spilet no lanlik yn de earste klasse. Doel is promoasje nei de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)