Clearcamp op âlde grûn boud

14 okt 2010 - 22:59
  • It kleaster Claercamp

De terp wêrop't it midsieuske kleaster Claercamp by Rinsumageast bouwd is, is folle âlder as oant no ta tocht. Op dy terp wie al foar de bou fan Claercamp yn 1135 in doarp te finen.

By opgravings yn de ôfrûne wiken binne resten nei boppen kaam út de izertiid en binne sleatten en grêften fûn fan foar de bou fan it kleaster. By de opgraving waarden ek de wurkplakken fan it kleaster fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)