Claude Tchakoua mei bliuwe

14 okt 2013 - 09:50

Claude Bruno Tchakoua út Kameroen krijt definityf in ferbliuwsfergunning. Dat hat de IND bepaald. Fan novimber 2015 ôf kin er in oanfraach yntsjinje foar naturalisaasje. De Raad van State hie earder al sein dat Tchakoua net útsetten wurde mei.

Hy hat trije bern by in frou út It Hearrenfean, dy't yntusken syn eks-partner is. De frou kin net foar de bern soargje. De bern binne yn Nederlân berne, hawwe de Nederlânske nasjonaliteit en dêrmei it rjocht te bliuwen. Omdat de bern ôfhinklik binne fan de heit, hat de IND bepaald dat hy bliuwe mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)