Claim wetterskip tsjin bouwrâld

31 jul 2003 - 00:00

Wetterskip Fryslân hat mei de oare wetterskippen yn Nederlân in grutte finansjele claim dellein by de arbitraazjerie yn 'e bouwrâld. De wetterskippen fine dat ek sy slachtoffer wurden binne fan de boufraude.

Oannimmers soene yn it foaroerlis de prizen bot omheechdreaun hawwe. Mei inoar binne sa'n 135 klachten yntsjinne mei in totale claim fan 12,8 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)