Clafis nije skûtsjesponsor

09 jul 2013 - 11:37
  • SKS Skûtsjesilen

CLAFIS Maritiem is de kommende trije jier sponsor fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen. It projektburo fan It Hearrenfean dat him dwaande hâldt mei de nasjonale en ynternasjonale skips- en jachtbou, fielt him nau belutsen by it skûtsjesilen.

CLAFIS Maritiem is dêrmei ien fan de fiif sponsors dy't de SKS mei stypje. In delegaasje fan de Fryske Rabobanken en Interpolis is sûnt 2008 de haadsponsor fan de SKS-silerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)