CJIB kin boetes hurder ferwurkje

04 sep 2001 - 00:00

It Ljouwerter CJIB, sintraal justisjeel ynkassoburo, kin tenei flugger de boetes foar te hurd riden ferwurkje. It Iepenbier Ministearje komt mei in kentekenscanner, wêrmei filmkes fan de flitspeallen hurder neisjoen wurde kinne.

De scanner lêst de kentekens en siket dêr automatysk de eigner by. Alle plysjeregio's moatte yn de takomst sa'n scanner krije. Se kostje in ton it stik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)