CJIB-kantoar binnen budzjet

30 jul 2013 - 16:42
  • CJIB

De ynrjochting fan it CJIB-kantoar yn Ljouwert hat 1,7 miljoen euro koste. Dy kosten binne dêrmei binnen de noarmen bleaun. De ynrjochting wie ek net djoerder as by oare oerheidsgebouwen. Dat hat steatssekretaris Fred Teeven sein yn antwurd op keamerfragen fan it CDA. Der wie opskuor ûntstien oer de ynrjochting fan it yn 2011 iepene boetekantoar, nei't webside GeenStijl foto's sjen liet fan designmeubels dy't tûzenen euro's kostje soene.

Neffens Teeven falle de kosten de helte leger út dan GeenStijl sei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)