CJIB groeit út eigen gebou

01 des 2003 - 00:00

It Centraal Justitieel Incasso Bureau yn Ljouwert hiert fan moandei ôf it eardere gebou fan KPN yn de stêd. De kommende tiid makket it CJIB trijehûndert wurkplakken oan de Van der Nootstrjitte.

It CJIB is sûnt de oprjochting yn 1991 folle grutter wurden. Der wurkje 800 minsken, nei de ferhuzing is der plak foar noch 200 mear. It CJIB iepene noch net sa lang lyn in nij gebou, flakby it FEC. Dat is dus alwer te lyts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)