CJIB-boete foar hûnestront

11 mrt 2011 - 09:42
  • Foto: Omrop Fryslân

Kontroleurs fan de gemeente Hearrenfean meie tenei boetes útskriuwe foar oerlêst troch hûnestront. It systeem liket op dat fan in ferkearsboete. Neidat de oertreding fêststeld is, stjoert it Sintraal Justisjeel Ynkassoburo CJIB in akseptgiro op. Dêrnei hat de beboete persoan twa wike de tiid om beswier te meitsjen.

Hearrenfean hopet mei it systeem de oerlêst troch hûnestront oan te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)