CityProms iepenet mei favorite klassike muzyk David Bowie

04 apr 2016 - 12:32
  • CityProms

Sjongeres Wende Snijders en dj-presintator Eric Corton binne de iepeningsact fan de sechsde edysje fan it CityProms festival dat op freed 24 juny yn Ljouwert hâlden wurdt. Tegearre mei it Noord Nederlands Orkest beljochtsje en sjonge se de favorite klassike muzyk fan glamrockikoan David Bowie.

Yn it foarprogramma fan de iepeningsjûn treedt it Noardewyn Citypromskoar op, ûnder lieding fan Geert-Jan van Beijeren. Dit megakoar bestiet út koarleden, konservatoariumstudinten en elkenien dy't graach sjonge mei. Minsken kinne har noch oanmelde.

It meardaagse festival bringt jong en âld yn de kunde mei klassike muzyk. De organisaasje ferwachtet op 'e nij tsientûzenen besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)