Citybus mooglik struktureel

01 des 2001 - 00:00

De fergese bussneltsjinst tusken it FEC en de Ljouwert binnenstêd wurdt fan 2003 ôf mooglik struktureel. Ek wurdt besjoen of de bus fan oare plakken út nei it sintrum fan de stêd ride kin.

Wethâlder Waanders hat dat sneon sein tidens in besite fan Sinteklaas en swarte Pyt oan de citybus. Neffens har levert de citybus gjin konkurrinsje op foar de parkeargaraazjes yn 'e stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)