City Jazz 2x safolle besikers

02 sep 2012 - 15:42

Jazzfestival City Jazz yn Ljouwert hat ôfrûne sneon it dûbelde tal besikers lutsen fan de earste edysje fan ferline jier. Der kamen seistûzen besikers nei de Ljouwerter binnenstêd. Sy koene jazzacts sjen op hast tweintich plakken.

Takom jier is der wer in City Jazz. De organisaasje wol dan noch mear lokaasjes. Der komt ek in talintejacht. Yn ferskate foarronden yn de provinsje kinne talinten harsels presintearje. De bêsten gean troch nei de finale op in spesjaal talintepoadium op City Jazz.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)