City Box Drachten ticht

08 okt 2012 - 19:06
  • Drachten

De festiging fan City Box yn Drachten giet ticht. De fransjizenimmer dêr, Drachten Storage Holding, foldocht neffens City Box net oan de wetlike easken. Sa wurdt der tekoart sketten op boukundich en finansjeel mêd, en ek op it gebiet fan brânfeiligens. Meardere kearen hat City Box oantrune op ferbetterings, mar dy soenen net trochfierd wêze. City Box sprekt fan in "drastyske, mar needsaaklike maatregel". Minsken dy't guod opslein hawwe yn Drachten kinne dat fergees ferhúzje litte nei de festiging op It Hearrenfean of nei Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)