City-bibel útbrocht

18 des 2004 - 10:38

It ferskaat oan bibels is freed noch wer wat breder wurden. Nei ûnder mear de steatebibel en de bernebibel bestiet no ek in city-bibel Leeuwarden.

Freedtemoarn waard de spesjale bibel oanbean oan wethâlder Van Mourik fan Ljouwert. It giet om it nije testament yn in popularisearde oersetting, mei wat plaatsjes en oare ynformaasje oer Ljouwert. De bibel is in inisjatyf fan de stifting Water en Wijn. De city-bibels besteane al yn oare stêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)