Cito-toets yn 'e kjeld

07 feb 2007 - 14:38
  • Fanwege de ferbouwing foel de kachel út
  • Skriuwe mei kâlde fingers...

De cito-toets meitsje is foar in soad bern net in grut feest. Mar bern fan skoalle De Merlettes yn Koatstertille hiene it woansdei ekstra dreech. Op har skoalle wie de ferwaarming stikken.

De skoalle wurdt op it stuit ferboud en de oannimmer ûntduts woansdei dat de kachel net wurke. Alle bern krigen dêrom frij, mar de âldsten moasten bliuwe om de toets te meitsjen. Gelokkich wiene der noch wol in pear straalkacheltsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)