Cito-toets set wer útein

11 feb 2014 - 06:57
  • ....en de ruten ticht hâlde

Tiisdei set it 'eineksamen fan de basisskoalle' útein: de Cito-toets. Yn Fryslân is dit lykwols net de wichtichste toets foar in definityf skoaladvys. Sa binne der yn ús provinsje oare testmetoaden lykas de Friese Plaatsingwijzer. Dy folget de resultaten fan de bern twa jier om in goed en ferantwurd byld te krijen.

Dochs sil der takom jier in ferplichte eintoets komme, want neffens de ûnderwiisynspeksje jout sa'n toets wol in goed byld fan it prestaasjefermogen fan de bern én in byld fan de kwaliteit fan de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)