CITO-toets minder populêr

05 feb 2013 - 15:42

165.000 learlingen fan groep 8 bûgje har dizze dagen wer oer de CITO-toets. Ek yn Fryslân stean learlingen foar de kar fan in middelbere skoalle. Allinnich nimt yn ús provinsje de wearde fan de CITO-eintoets de lêste jierren bot ôf. De saneamde Pleatsingswizer, yn Ljouwert betocht, wurdt hieltyd populêrder om in skoalkar te meitsjen. By de Pleatsingswizer krijt in learling in skoaladvys op basis fan lês- en rekkenprestaasjes oer langere tiid. Dêrby wurdt der ferskillende kearen toetst, dus net mear ien momintopname fan in CITO-toets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)