Cirque Plume beheint parkearen

22 aug 2001 - 00:00

It Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is hast de hiele moanne septimber net te brûken as parkearplak. Dat fanwege de komst fan it ferneamde Cirque Plume dy't syn tinte dêr opslaan sil.

De VVD yn Ljouwert hie frege om it Saailân dan te brûken as parkearplak. B en W besleaten tiisdei dat dat net akseptabel is, om't it te djoer is. Boppedat soene der genôch oare plakken wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)