CIOS begjint mei in MBO-oplieding foar akrobatyk

27 jan 2015 - 11:36

It CIOS op It Hearrenfean begjint takom skoaljier mei in oplieding akrobatyk. De nije MBO-oplieding hat de namme Cirque CIOS en is foar learlingen dy't wurkje wolle yn it sirkus en op sirkusskoallen. Neffens it CIOS is der benammen fanút de sirkusbrânzje bot ferlet fan in spesifike akrobate-oplieding.

By foldwaande oanmeldings starte de lessen nei de simmerfakânsje. It Feanster CIOS is dan de earste MBO-skoalle yn Nederlân mei in oplieding akrobatyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)