Cinnamon makket side atoomtop

21 feb 2014 - 10:56
  • Website Cinnamon Interactive

It Ljouwerter ICT-bedriuw Cinnamon hat meiwurke oan de site foar de grutte nukleêre top NSS, dy't ein maart yn Den Haach hâlden wurdt. Cinnamon, dat faker wurk docht foar oerheidsynstellings, hat dit wurk krigen fan it ministearje fan Bûtenlânske Saken.

Op de atoomtop komme 57 lannen en ynstânsjes by inoar om te praten oer it foarkommen fan nukleêr terrorisme. It is de grutste ynternasjonale konferinsje dy't oait yn ús lân hâlden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)