Ciba wol wurktiidferkoarting

13 jan 2009 - 08:31
  • By Ciba wurkje 95 minsken

Ciba_Heerenveen_BV hat foar hast alle hûndert meiwurkers wurktiidferkoarting oanfrege. De omset fan it bedriuw is mei mear as 40 prosint sakke. Mei de wurktiidferkoarting hopet Ciba ûntslaggen foar te kommen.

It giet earst om seis wiken, mar dy perioade kin ek langer wurde. Ek neffens FNV Bondgenoten is de wurktiidferkoarting nedich. Yn in konvenant dat mei de fakbûnen ôfsletten is, is ûnder oare ôfpraat dat de wurknimmers in oplieding krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)