CIA-man Petraeus ûnderskieden

16 mrt 2012 - 16:09
  • Petraeus kriget ûnderskieding fan Jorritsma

De sjef fan de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, generaal David Petraeus, hat freedtemoarn yn in geheime gearkomste de alderheechste Keninklike ûnderskieding krigen. Petraeus krige de ûnderskieding fan minister Hans Hillen. David Petraeus is de soan fan de âld-Frjentsjerter seekaptein Sixtus Petraeus.

David Petraeus krige de titel Ridder Grootkruis in de Orde van Oranje Nassau met Zwaarden. De gearkomste hie in folslein Frysk tema. Sa krige Petraeus sûkerbôle en waard in grut part fan de speeches yn it Frysk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)