ChristenUnie wol reiskostefergoeding foar MBO-studinten

16 okt 2015 - 11:41
  • Tagongspoartsjes op treinstasjon

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat der in provinsjale reiskostefergoeding komt foar minderjierrige MBO-learlingen yn Fryslân. De groep 16- en 17-jierrigen kin noch gjin gebrûk meitsje fan de OV-studintekaart, mar guon fan harren moatte lange ôfstannen ôflizze foar't se op skoalle binne.

It giet ûnder oaren om learlingen fan skoallen foar bysûnder ûnderwiis. De reiskostefergoeding dêr't de ChristenUnie om freget is tydlik, want fan 1 jannewaris 2017 ôf krije ek MBO-studinten in OV-kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)