ChristenUnie wol blow-ferbod

22 feb 2005 - 17:41

De fraksje fan de ChristenUnie yn Ljouwert wol in ferbod op it blowen yn iepenbiere romten yn de stêd. Mei it ferbod moat de plysje in mooglikheid krije op te treden tsjin minderjierrige bern dy't drugs brûke.

De ChristenUnie hat it plan moandei ynbrocht by de behanneling fan it feiligensplan foar Ljouwert. De Lokale Leeuwarder Partij hat oanjûn him yn it ferbod fine te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)