ChristenUnie wol bettere reistiden treinen Ljouwert

21 maaie 2015 - 14:35

De provinsjale ChristenUnie ropt deputearre Johannes Kramer op om de reistiden fan treinen yn Ljouwert te ferbetterjen. Reizgers dy't gebrûk meitsje fan de trein fanút Grins en yn Ljouwert oerstappe wolle op de trein rjochting Swolle, hawwe mar koart de tiid: 4 minuten.

Om't de NS in hege boete krijt as se te let fuortride, wachtet de trein hast noait op ferlette passazjiers. Ek kinne reizgers gjin skeafergoeding freegje, om't op beide trajekten twa ferskate ferfierders aktyf binne.

Anja Haga fan de ChristenUnie fynt dit net klantfreonlik en wol dat de deputearre hjiroer yn petear giet mei sawol Arriva as de NS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)