ChristenUnie is tsjin ekstra jild foar nije bussen Qbuzz

17 aug 2015 - 18:47
  • Qbuzz

De ChristenUnie yn provinsjale steaten is it der net mei iens dat deputearre Kramer twa ton jaan wol oan ferfiersbedriuw Qbuzz, om dêr sân nije lúkse bussen fan te keapjen. De fraksje is benaud dat der no mear ferfiersbedriuwen by de provinsje oanklopje sille om stipe, as it even wat minder giet.

Qbuzz seit dat it ferlies draait op it ferfier yn Súdeast-fryslân. Mar neffens de ChristenUnie kin dat bêst komme trochdat Qbuzz te leech ynskreaun hat en fynt dat dat in risiko is dat it bedriuw sels naam hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)