ChristenUnie stapt út koälysje Dongeradiel

03 nov 2015 - 12:00
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

De ChristenUnie stapt út de koälysje yn Dongeradiel. Oanlieding is it skeel oer de keapsneinen. Yn in lêste oerlis is moandei troch koälysjepartners CDA en FNP it opstappen easke fan ChristenUnie fraksjefoarsitter Rein Ferwerda. Foar de ChristenUnie reden om de stekker út de koälysje fan CDA, FNP en ChristenUnie te lûken.

De gemeenteried gie ôfrûne tongersdei akkoart mei útwreiding fan de keapsneinen yn Dokkum, nei in súksesfolle proef fan dit jier. ChristenUnie-wethâlder Sicco Boorsma gie dêr yn mei wylst syn fraksje tsjin stimde.

De evaluaasje oer de keapsneinen wie ûnder de maat, sa wie it argumint. Dêrmei lei der in bom ûnder de koälysje yn Dongeradiel en wie it mar de fraach oft wethâlder Boorsma trochgean koe. Sa kamen de opposysjepartijen ABD en Dongeradeel Sociaal yn byld om mei te bestjoeren. Der wie ek noch in opsje dat Sicco Boorsma op persoanlike titel fierder gean soe as wethâlder, mar dy moogikheid hat hy sels ôfwiisd. It tal keapsneinen bliuwt it kommende jier maksimaal tolve. De supermerken en toeristyske winkels yn fakânsjepark Esonstêd en op de pier fan Holwert meie wol alle sneinen iepen. De iepeningstiden binne fan 12.00 oant 17.00 oere middeis.

No freed prate CDA en FNP mei alle fraksjefoarsitters om te sjen oft en hoe't de koälysje yn Dongeradiel no fierder moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)