ChristenUnie op kampanje

26 okt 2013 - 10:15
  • Arie Slob fan de ChristenUnie

De ChristenUnie set sneon útein mei har kampanje op It Hearrenfean en yn de gemeente Fryske Marren. De listlûkers farre fan It Hearrenfean nei Akkrum en De Jouwer. Ek ChristenUnie-lieder Arie Slob giet mei.

De ôfdieling fan Ljouwert docht net mei mei de kampanje. Yn ferbân mei de grutte brân fan it ôfrûne wykein hat de ChristenUnie alle aktiviteiten foarútskood.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)