ChristenUnie nimt frisse dûk

28 des 2009 - 09:34
  • Piet Adema is ek belutsen by de nijjiersdûk yn Nij Beets

De ChristenUniekampanje foar de gemeenteriedsferkiezings set op 1 jannewaris útein mei in nijjiersdûk yn it Polderhoofdkanaal. By it Damshûs yn Nij Beets sil deputearre Piet Adema it startskot foar de dûk jaan.

De ChristenUniefraksje yn de gemeenteried fan Opsterlân organisearret de nijjiersdûk. De riedsleden sille dan ek seker te wetter gean, mar ek oare partijen dogge mei. De fraach bliuwt noch even oft Piet Adema sels ek meidûke sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)