ChristenUnie hat noed oer baneferlies by justysje Ljouwert

11 mrt 2015 - 17:00

De ChristenUnie yn de Twadde Keamer hat noed oer it ferdwinen fan banen by justysje yn Ljouwert. Twa nije justisjele tsjinsten geane nei Utrecht en Swolle. De ChristenUnie begrypt net dat dy net yn Ljouwert komme, om't it hjir al net al te bêst steld is mei de wurkgelegenheid.

De partij wol garânsjes fan de minister dat der net noch mear banen by justysje yn Ljouwert ferdwine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)