ChristenUnie Fryslân: mooglikheden opfang asylsikers besjen

28 aug 2015 - 14:20

De ChristenUnie Fryslân wol dat Deputearre Steaten útsiket hoefolle gebouwen yn de provinsje geskikt binne om flechtlingen op te fangen. De partij wol sjen oft kantoargebouwen, bejaardesintra of leechsteande agraryske gebouwen mooglik ûnderdak biede kinne oan asylsikers mei in ferbliuwsstatus.

Vluchtelingenwerk Nederland die koartlyn in oprop oan gemeenten om mei kreative oplossingen te kommen foar it húsfestingsprobleem foar asylsikers dy't in status krigen ha. Yn Fryslân wachtet tsien persint fan dizze groep minsken noch op húsfesting.

De ChristenUnie fynt dat as der te min wenningen binne, se better gebrûk meitsje kinne fan leechsteande gebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)