ChristenUnie: "Ekstra trein Ljouwert-Grins moat der komme"

24 feb 2016 - 14:18
  • De oerkaping op it Ljouwerter stasjon

De ChristenUnie yn Fryslân makket him grutte soargen oer de ekstra trein dy't oer trije jier tusken Ljouwert en Grins ride moat. Dy ekstra trein liket net troch te gean, no't de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed de needsaaklike oanpassings oan it stasjon yn Ljouwert ôfkard hat. In part fan de stasjonskap soe ferdwine moatte foar de ekstra trein.

Neffens de ChristenUnie is der in soad ferlet fan in ekstra sneltrein. De deputearre moat alles op alles sette om de ekstra trein op tiid ride te litten, fynt de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)