ChristenUnie docht eigen ûndersyk nei ûndernimmersfûns

24 nov 2015 - 10:41

De ChristenUnie fan Súdwest-Fryslân is der net fan oertsjûge dat der genôch draachflak is foar it ynstellen fan in ûndernimmersfûns. Dêrom hâldt de partij in eigen enkête dêroer op de webside.

It plan foar sa'n fûns komt fan de ûndernimmersfederaasje fan Súdwest-Fryslân. De gemeente wol dêr yn prinsipe wol oan meiwurkje. It jild komt fan de ûndernimmers sels, sy soene dan ekstra ozb-belesting betelje. Undernimmers beheare sels it fûns. Begjin desimber is de earste gearkomste fan de gemeente oer dit plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)