Chris wol Fryske nasjonaliteit

30 jun 2010 - 14:28
  • Chris van Hes

De 18-jierrige Chris van Hes fan Sint Jânsgea wol hiel graach de Fryske nasjonaliteit hawwe. Chris hat dit fersyk woansdei besprutsen mei boargemaster Kuiper fan Skarsterlân.

Kuiper hat him útlein dat dit offisjeel net mooglik is. Van Hes wol der alles oan dwaan om dit foar elkoar te krijen. As earste stap wol hy syn Nederlânske nasjonaliteit opjaan. Kuiper hat him dat ôfret. Neffens de boargemaster is soks ek net samar mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)