Chris Wassenaar kening

08 maaie 2006 - 15:38

De earste frije formaasje keatspartij fan 2006 waard snein op it Sjûkelân yn Frjentsjer wûn troch it partoer Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar. Chris Wassenaar waard útroppen ta kening. It wie syn sechde keningskip by dizze partij.

Yn de finale wûnen Van der Meer-en-dy fan Jochum Bouma, Tjitte Bonnema en Marten Feenstra. De tredde priis gie nei Johannes Dykstra, Pieter Scharringa en Douwe Groenendyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)