Chris de Wagt werom yn basis

06 des 2007 - 17:59
  • Chris de Wagt is der wer by

Snitser Chris de Wagt makket freed tsjin Dordrecht '90 syn rentree yn de basis by Sportklub Cambuur. Hy wie tsjin Veendam ôfwêzich troch in lichte harseskodding. No't hy wer fit is nimt hy it plak yn fan de skorste Rick Hooijboer. Fierder feroaret trainer Jurrie Koolhof neat oan de opstelling.

Cambuur sil tsjin Dordrecht besykje om in ein te meitsjen oan de reeks fan njoggen wedstriden sûnder oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)