Chrabala fuort by Hajé Flyers

20 okt 2008 - 19:00

Iishockeyclub Hajé Flyers hat keeper Jay Chrabala per direkt dien jûn. Dit yn ferbân mei de tsjinfallende prestaasjes. It ûntslach is yn oerlis gien mei coach Chris Eimers. Neffens de Flyers wie Chrabala net de goeie man foar it team en oarsom.

Der wurdt no socht nei in opfolger. Yntusken sil twadde keeper Sjoerd Idzenga dit wykein it doel fan de Flyers ferdigenje. Ek hoopje de Flyers meikoarten noch in nije ferdigener presintearje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)