CHN wol festigings yn Sina

18 apr 2006 - 17:25

De Christelijke Hegeskoalle Nederlân wol trije festigings iepenje yn Sina. Der moatte kampussen komme yn Beijing, Chang Hai en yn Chengdu. De lêste is de haadstêd fan de Sineeske provinsje Sichuan dêr't de provinsje sûnt in jier as tsien freonskipsbannen mei hat.

By it opsetten fan de skoallen wurket de CHN gear mei de VN en in ynternationale ynvestearder. Op termyn moatte der tûzenen learlingen komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)