CHN siket keunst âlde lokaasjes

30 nov 2005 - 12:50

De CHN yn Ljouwert is op syk nei keunstwurken dy't in ûnderdiel west ha fan âlde skoalgebouwen fan de hegeskoalle. De keunstwurken moatte in plakje krije yn it nije skoalgebou oan de Rengersleane. Bestjoersfoarsitter Vroon wol graach de skiednis fan de skoalle sjen litte yn it nije gebou.

Oanlieding fan de syktocht is in idee fan in âld-learaar om De Paardenbloem fan Jentsje Popma werom te freegjen. Dat siet eartiids op de Pabo-gevel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)