CHN mei net bouwe yn Amersfoort

17 okt 2003 - 00:00

De CHN, de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân, mei net útein sette mei in hotelskoalle yn Amersfoort. De bestjoersrjochter yn Ljouwert hat in fersyk dêrta ôfwiisd.

De skoalle woe alfêst úteinsette mei de bou fan de lokaasje yn Amersfoort. Wilens rint der in rjochtsaak tusken de CHN en it ministearje fan ûnderwiis. Dy stelt beheinings oan de útwreiding fan skoallen op oare plakken. De definitive útspraak moat no earst ôfwachte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)