CHN iepenet festiging yn Tailân

24 maaie 2005 - 10:37

De Christelijke Hogeschool Nederland (CHN) yn Ljouwert iepenet healwei takom jier in festiging yn Bangkok yn Tailân. It giet om de tredde bûtenlânske festiging fan de skoalle, nei lokaasjes yn Súd-Afrika en Qatar.

De CHN begjint yn Bangkok mei in hoteloplieding, doel is dat letter mear rjochtings folgje. Der is keazen foar Súd-East Azië omdat dêr de fraach nei heger ûnderwiis de kommende tweintich jier flink tanimme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)