Chip moat fytsedieverij keare

13 des 2007 - 13:34

SP, ChristenUnie en CDA wolle wat dwaan oan de fytsedieverijen yn Snits. Alle jierren wurde dêr 300 fytsen stellen. Sân prosint wurdt oplost. dat fine de partijen te min.

In spesjale 'Diefstal Preventie Chip' soe dêrfoar soargje moatte. De chip soe foarkomme dat fytsen stellen wurde, mar de chip makket ek dat stellen fytsen ienfâldiger werom te finen binne. It foarstel wurdt nije wike yn de ried bepraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)