Child Foundation hâldt op

27 des 2012 - 12:19
  • Sierra Leone

De stichting Foreign Child Foundation út Harns hâldt op 1 jannewaris op. De Fryske stichting waard yn 2003 oprjochte om sechstich oarlochsbern yn Sierra Leone ûnderwiis en ûnderdak te jaan, sadat se sels it lân helpe kinne by de weropbou. Dat doel is no berikt. It jild dat no noch op 'e rekken stiet, wurdt brûkt foar de bern dy't studearje oan de universiteit yn de haadstêd Freetown.

De stichting kaam in pear ferlyn yn it nijs doe't de dûmny dy't de weesbern ûnderdak joech, in part fan it jild foar oare saken brûkte.

Yn Sierra Leone hat oant 2001 boargeroarloch west. In soad bern moasten meifjochtsje as bernsoldaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)